Koade read

Voorzijde
Achterzijde
19,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel
ISBN: 9789492457523
Uitgever: Het Nieuwe Kanaal
Verschijningsvorm: Paperback
Auteur: Koos Tiemersma
Druk: 1
Pagina's: 242
Verschijningsjaar: 2024
NUR: Fries

In wynpark yn ’e achtertún, samar ferskynt hjiroer in artikel yn ’e krante. De ynwenners fan Fierum, in middelgrut plak yn ’e buert fan Einum, steane op ’e achterste poaten. Trije boeren hawwe har lân al beskikber steld en sille meidiele yn de opbringst. Mar by de oare Fierumers, dy’t har oerfallen fiele, krije se de hannen net opelkoar. Al gau komme de hierskuorkes sa’t dy troch elke mienskip rinne, oan it ljocht. Uteinlik komme de bewenners foarelkoar oer te stean, mei gefolgen dy’t noch lang neitrilje sille.

Yn achttjin haadstikken wurde likefolle belutsenen foarsteld, wêrûnder guon dy’t earder al in plakje opeasken yn de roman Einum (2012), om geandewei in rol te spyljen yn ’e ferhalen fan de oaren, in portret

foarmjend fan in mienskip yn ûnstjoer.

Koade read is in ferslach út ’e frontliny fan de enerzjytransysje, fan ’e striid om ôf te kommen fan fossile brânstoffen en troch te skeakeljen nei in griene takomst. In boek fol mei emoasjes, dy’t heech oprinne sa gau as de realisaasje werklik yn sicht komt. Sil it de tsjinstanners slagje om it ynplande wynpark op te kearen?

Mei De ljedder makke Koos Tiemersma in súksesfol debút yn de Fryske literatuer, dat yn 2003 bekroand waard mei de earste Rink van der Veldepriis. Dêrnei folgen mear boeken, lykas De ynfaller, Quist en Einum, dêr’t er yn 2015 de Gysbert Japicxpriis foar takend krige. Syn wurk falt op troch de orizjinele styl en opset, ferhalen dy’t gauris mei humor ferteld wurde sûnder de earnst fan it bestean út it each te ferliezen. Koade read is syn tolfde boek.