Bloedgoud

Diel 18 fan ‘In Fryske Odyssee’

Voorzijde
Achterzijde
22,95
Vandaag besteld,
morgen verzonden
+
Bestel
ISBN: 9789464249057
Uitgever: Aspekt B.V., Uitgeverij
Verschijningsvorm: Paperback
Auteur: Willem Tjerkstra
Druk: 1
Pagina's: 216
Verschijningsjaar: 2021
NUR: Geschiedenis algemeen

Bloedgoud is it achttjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999.

Bloedgoud is it ferfolch op Gouden Pest. Nei de pest ûnder de Inka’s brânt de striid los om it goud. De jonge Manco Inka, soan fan Sapa Inka, bout in grut leger op om de Spanjaarden út Súd-Amearika te ferdriuwen. Syn ideaal fan wer in gouden takomst fan it Inka-ryk kin er net wiermeitsje. Syn eigen ein liedt ta de ein fan de Inka-beskaving.